Opnij oerlêst yn Twizelerheide; plysje makket ein oan 'feestje'

Yn Twizelerheide hat in groep jeugd yn de nacht fan sneon op snein foar oerlêst soarge. In grutte groep jongerein stie oan it Pleinpaed by in kampfjoer. De plysje besleat om twa oere hinne in ein te meitsjen oan it 'feestje'.
© De Vries Media
De brânwacht hat it fjoer útmakke en de ME wie kaam om de groep op ôfstân te hâlden. Ien persoan is oanhâlden en meinaam nei it buro.
It is al langer ûnrêstich yn it doarp. In wike lyn wie in bulte mei rommel oan it Pleinpaed yn de brân stutsen.