Stellen auto botst op muorre yn Drachten; ynsitters útnaaid
Yn Drachten is sneontenacht in stellen BMW tsjin in muorre op de Kraaiheide botst. Nei alle gedachten rekke de bestjoerder de macht oer it stjoer kwyt, botste en kaam op de krusing ta stilstân.

Der siet net ien mear yn de auto doe't de plysje by it ûngelok kaam. Nei alle gedachten binne trije fertochten útnaaid.
De wein wie earder op de jûn stellen op de Ropta yn Drachten. De auto rekke flink skansearre.