Minister: Fûgelgryp spilet benammen yn Fryslân

Benammen yn Fryslân wurde noch in protte sike en deade fûgels fûn, dy't it slachtoffer binne fan de fûgelgryp. Dat seit lânbouminister Carola Schouten yn in brief oan de Twadde Keamer.
© NOS
Oant no ta binne der yn Fryslân trije plomfeebedriuwen romme fanwege de sykte. It giet om bedriuwen yn Wytmarsum, Sint-Anne en Bûtenpost. Mei mekoar binne hast 140.000 bisten ôfmakke.
Yn it gebiet om de bedriuwen yn Sint-Anne en Bûtenpost hinne jilde noch hieltyd strange maatregels. Dat betsjut dat der yn in sirkel fan 10 kilometer om de bedriuwen hinne in strang ferfiersfebod jildt. Om it bedriuw yn Wytmarsum hinne is it gefaar lytser, meldt de minister, mar dêr wurdt it ferfiersferbod fan 10 kilometer yn alle gefallen ek noch in wike yn stân hâlden.
De minister meldt ek dat deade wylde fûgels aktyf opromme wurde, benammen yn gebieten om plomfeebedriuwen hinne. Biste-ambulânses en opfangsintra ha dêrfoar ekstra mooglikheden krigen. It bliuwt fan belang om de deade fûgels net oan te reitsjen, seit Schouten, mar dat is dreech. It ministearje hat dêrom in online platfoarm oprjochte dêr't ûnderfinings op dield wurde kinne. Minister Schouten trunet der op oan wylde wetterfûgels net te fersteuren.