Cambuur Sjoernaal: Twivelgefallen foar Excelsior-út

It is noch efkes de fraach mei hokker spilers SC Cambuur snein spylje sil tsjin Excelsior. Der binne in oantal dy't tongersdei yn de bekerwedstriid tsjin Go Ahead Eagles in tikje hân hawwe, wêrtroch't it noch net krekt dúdlik is oft se ynsetber binne. Nei de wedstriid yn Rotterdam hawwe de spilers hast in wike frij om de krystdagen mei de famylje te fieren, yn lytse groepkes fansels. Foar de Frânske spilers wurdt dat wat lestich. En der is kontraktnijs. Dat alles is te sjen yn in nij Cambuur Sjoernaal.
Cambuur Sjoernaal sneon