Fideodeiboek IC Tjongerschans: "Witst somtiden net iens goed: wa sjogge we hjir?"
Yn it sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean ha se in manier fûn om de ferpleechkundigen en de coronapasjinten in gesicht te jaan. Troch foto's en posters krije IC-ferpleechkundigen in better byld fan de persoan dy't se fersoargje. Dat is hiel wichtich, seit ferpleechkundige Marjan: "It jout in ekstra boost om noch better foar se te soargjen." Se fertelt it yn de vlog fan Elco Spoelstra.
Berjochten út it hert: Elco Spoelstra
Mear vlogs fan Elco Spoelstra en de oare vloggers fan de rige Berjochten út it hert sjen? Dat kin fia dizze dossierside.