Reade Krús-frijwilligers springe yn coronatiid by yn Talma Hûs Feanwâlden

It is in bysûndere ynset: sûnt freed helpe alle dagen sân frijwilligers fan it Reade Krús yn it Talma Hûs yn Feanwâlden. De frijwilligers binne der om de ferpleechkundigen te ûntlêsten. De ôfrûne tiid binne ferskate bewenners en meiwurkers posityf test op it coronafirus, dus it ferpleechhûs kin de ekstra hannen goed brûke. Sadwaande springe frijwilligers oant 15 jannewaris eltse moarn by.
Talma Hûs yn Feanwâlden © Elkander
It Talma Hûs is op dit stuit de iennige lokaasje yn Fryslân dêr't it Reade Krús dit docht. De frijwilligers helpe mei allerhanne deistige saken: fan tafelklearmeitsje, kofje bringe en in spultsje dwaan oant foarlêze en de krolspjelden ynsette by in bewenner. Foar in part binne it fêste frijwilligers by it Reade Krús, dy't gewoanwei by bygelyks eveneminten helpe soene.

"Einliks kinne wy wat dwaan"

Mar yn novimber hat der ek in kampanje west om frijwilligers te winnen. Foar de soarch, mar ek foar wurksumheden dy't nedich binne by bygelyks faksinaasje. Frijwilliger en koördinator Janet Terpstra jout oan dat der in soad entûsiasme wie: der kamen mear as 70 oanmeldingen binnen. "Frijwilligers seine: einliks kinne wy wat dwaan. Je sitte no thús yn dizze coronatiid, mar je wolle sa graach helpe." Neffens Terpstra is it hertferwaarmjend om te sjen mei hoefolle leafde de frijwilligers yn Feanwâlden harren wurk dogge.
By Talma Hûs yn Feanwâlden wie just ferlet fan help. Dêr is koartlyn by ferskate bewenners en meiwurkers it coronafirus konstatearre. "Dêrom moat der opskaald wurde," seit Terpstra. Sy is der wiis mei dat der sa'n soad frijwilligers meihelpe wolle. "Sy komme net allinne út de omkriten fan Feanwâlden wei, mar der helpe sels minsken fan De Lemmer en De Jouwer."

Feilich wurkje

De frijwilligers binne sân dagen yn de wike oan it wurk, alle dagen fan 9.00 oant 13.00 oere. It wurdt safolle as mooglik mei deselde frijwilligers dien. "Dat is foar de bewenners it noflikst, en boppedat beheint it de ynrin fan minsken." It Reade Krús soarget derfoar dat de minsken feilich oan it wurk kinne. "De frijwilligers wurkje mei mûlkapkes, skelken en allerhanne beskermingsmiddels."
Frijwilliger en koördinator Janet Terpstra