Plysje hat fertochten op it each foar fernieling plysjebus yn Snits
De plysje fan Snits hat konkrete nammen krigen fan minsken dy't mooglik belutsen west ha by de fernieling fan in plysjebus op it binnenterrein fan de plysje. De bus rûn skea op troch in stien en troch fjoerwurk.

De plysje docht no ûndersyk nei de minsken fan wa't de namme neamd is. Se binne ek noch dwaande mei it ûndersyk nei kamerabylden.
De plysjebus hat safolle skea oprûn dat er net mear te brûken is. Ek in soad fan it guod dat der yn lei, is ferlern gien.