HEA! Vintage krystguod yn Grou

Meike Nienhuis hat in tik. Se is hielendal sljocht fan âld krystguod. Se is allang mei pensjoen, mar hat yn Grou in lyts winkeltsje mei vintage krystfersiering. Se fynt dat it aldermoaist om te sykjen en te finen. Hoe âlder, hoe moaier. Se hat in beamke fan guozzefearren dat 130 jier âld is, mar ek allegear krystballen en oar krystguod fan samar 70 jier âld.
Krystballewinkel yn Grou