Harry Oosterman hâldt nei 16 jier op as boargemaster fan Eaststellingwerf
Boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf hâldt op 1 augustus op. Hy hat dan hast sechstjin boargemaster west fan de gemeente. "Ik ha hjir in prachtige tiid hân", seit er. "We ha mei ús allen in soad berikt. Ik wurd takom jier 64 jier en ik fiel dat it tiid is foar wat oars."

"It is in persoanlike kar", seit Oosterman. "Mei pine yn it hert, mar it is goed sa. Al hat it net in maklik beslút west."
Syn termyn soe ôfrinne op 17 oktober 2023. "Ik meitsje graach romte foar in nije man as frou, dy't nije ympulzen jout om de maatskiplike útdagingen fan de takomst op te pakken en nei de ferkiezings fan 2022 mei in nije ried en nij kolleezje oan de slach giet."
Duorsumens
Oosterman hat hichte- en djiptepunten meimakke yn syn boargemasterskip. As ien fan de hichtepunten neamt er dat it ûnderwerp duorsumens spearpunt fan syn gemeente wurden is, bygelyks yn de foarm fan it Biosintrum yn Easterwâlde. Ek kamen de kening en keninginne koartlyn op besite yn Eaststellingwerf. "In moaie dei foar de gemeente en spesjaal foar it Biosintrum, mar ek foar my fansels."
Oangripende foarfallen
Djiptepunten wiene der ek. "De ôfrûne jierren ha we meardere oangripende foarfallen meimakke yn Eaststellingwerf, mei grut fertriet foar de belutsenen. Dat binne saken dy't my altyd bybliuwe. En ek dizze coronatiid is fansels in hiel ferfelende perioade, mar dêr komme we wer trochhinne."
Oosterman betanket no al de ynwenners fan syn gemeente en de minsken mei wa't er gearwurke hat. Hy hopet op 1 augustus fan elkenien ôfskied nimme te kinnen. "Net fia it skerm, mar fysyk."
Boargemaster Harry Oosterman