Van der Molen wiis mei stipe foar moasjes oer Frysk: "Brûk it Frysk gewoan wat mear!"

De Twadde Keamer hat op de lêste dei foar it krystreses besletten dat it Ryk mear dwaan moat oan it Frysk. Yn totaal naam de Keamer fjouwer moasjes oan. Ien dêrfan wie dat it Frysk better sichtber wêze moat yn it strjitbyld en by de Rykstsjinsten. Dêrby moat de provinsje ek in rol spylje. Keamerlid Harry van der Molen fan it CDA woe dat al langer: "De provinsje hat dêr in liedende rol yn, mar it Ryk docht hast neat."
Harry van der Molen © Omrop Fryslân
Dat is yn striid mei it útgongspunt dat Nederlân twatalich is en dat ek it Ryk it Frysk beskermje en befoarderje moat. Van der Molen tsjinne de moasje yn tegearre mei VVD-Keamerlid Aukje de Vries. Sy wolle it Frysk mear sjen yn gebouwen en tsjinsten fan it Ryk, lykas de Belastingdienst. "Brûk it Frysk dêr gewoan wat mear!"

Rjochtbank

Ek minsken dy't yn de rjochtbank ferskine moatte, hawwe rjocht op in Fryske tolk. Yn de rjochtbank sels wurdt lykwols gjin Frysk brûkt. "Soargje dan foar Frysk op de gevel of dat de buordsjes twatalich binne. As der publikaasjes binne dy't yn Fryslân brûkt wurde, brûk dan net allinnich it Nederlânsk mar ek it Frysk."
De Vries en Van der Molen wolle dat minister Ollongren dêr aparte ôfspraken oer makket. "Ik bin bliid dat dêr unanime stipe foar wie", seit Van der Molen. Hy hopet dat it Frysk gau mear te sjen is op ryksgebouwen. "Ik hoopje dat deputearre Poepjes en kommissaris fan de Kening Brok dêr petearen oer fiere en ik besykje út de Twadde Keamer wei der druk op te lizzen. De minister beweecht nammentlik pas as de Keamer wat fan har freget."

Europeesk ferdrach

Under it Europeeske ferdrach dêr't yn stiet dat it Frysk beskerme wurde moat, stiet de hanteken fan de minister. "En wat ik hiel faak sjoch, is dat it Ryk it wol prima fynt, as se der sels mar net in soad oan hoege te dwaan. Mar harren hanteken stiet derûnder, dus it is harren taak om it Frysk te promoatsjen."
Ek de moasje fan Twadde Keamerlid Nevin Özütok fan GrienLinks foar mear Frysktalige oerheidsynformaasje oer it coronafirus en de coronafaksinaasjes waard troch de Twadde Keamer stipe. "Dy ynformaasje kin aanst ek yn it Frysk. We witte út ûnderfining út Fryslân dat der in grutte groep is dy't dat wichtich fynt. Ik bin der hiel wiis mei dat dy moasje stipe krige", beslút Van der Molen.

Stipe foar fjouwer moasjes

De oare twa moasjes dy't op stipe rekkenje koene wiene dy fan Van der Molen oer it foarnimmen fan it Ryk om út de mienskiplike regeling foar Tresoar te stappen en ien oer it boargerinisjatyf Minority SafePack, dat de beskerming en promoasje fan de minderheidstalen yn Europa op Europeesk nivo befoarderje wol.
Twadde Keamerlid Harry van der Molen (CDA)