Yn de twadde coronaweach binne de eangst- en stressgefoelens ûnder de befolking wer tanaam en is der sprake fan in fierder ôfname yn it fertrouwen yn de oerheid, it RIVM en de GGD. Dat blykt út lanlik ûndersyk fan de Erasmus Universiteit yn Rotterdam.
Yn april, wat foar no sjoen wurdt as it hichtepunt fan de corona-útbraak, bliek dat in grut part fan de Nederlânske befolking eangstich en ûnwis wie. By it opnij iepenjen fan de mienskip, begjin july, wie dy eangst en ûnwissens ôfnaam, mar dat hat him yn de twadde weach net trochset.