Noch noait safolle positive testen yn Fryslân yn ien wike

It tal fêststelde coronabesmettingen yn Fryslân is de ôfrûne wike mei 40 prosint groeid. It RIVM melde 1.384 positive testen, tsjinoer 947 in wike earder. De groei is lyk oan de lanlike trend. Noait waarden yn ien wike safolle besmettings fêststeld yn ús provinsje.
© Shutterstock.com / ffikretow
De 1.384 melde besmettingen binne noch net alle positive testen dy't de ôfrûne wike ôfnaam binne. Troch in steuring by de GGD ôfrûne tiisdei binne der doe minder besmettings meld. Dy efterstân is woansdei en tongersdei diels ynhelle, mar noch net hielendal. Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 198 positive testen meld.

Yn totaal no 11.347

Mei de 1.384 positive testen fan ôfrûne wike binne no 11.347 ynwenners fan Fryslân besmet rekke mei it coronafirus sûnt 10 maart. Doe waarden op De Gordyk de earste twa besmettingen fêststeld.
It deistige tal besmettingen sûnt it begjin fan de útbraak (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
De measte positive besmettingen binne wer meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân, yn totaal 315, hast 23 prosint fan it Fryske totaal. Ferline wike wiene dêr 291 besmettingen. Yn de gemeente Ljouwert wiene de ôfrûne wike 229 besmettingen. Omrekkene nei it tal bewenners binne ek yn it noardeasten fan de provinsje yn soad besmettingen: yn Noardeast-Fryslân dizze wike 105, yn Dantumadiel 75.

Seis stjergefallen

Der binne seis stjergefallen meld yn Fryslân as gefolch fan corona. Dat binne twa mear as de ôfrûne wike. It offisjele stjertesifer yn Fryslân yn ferbân mei corona stiet no op 148. It werklike tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net elkenien test wurdt.

Wyklikse besmettingen en stjergefallen

Wike Besmettingen Stjergefallen
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0