Fersykjes fan harkers dei en nacht yn 'Sis it mar' by Omrop Fryslân

Foar it earst is Omrop Fryslân tusken de krystdagen en âld en nij dei en nacht live op de radio. Yn dizze 'Sis it mar!'-dagen en -nachten stiet de hiele programmearring yn it teken fan fersykjes fan harkers.
'Sis it mar' by Omrop Fryslân
"Just yn dizze tiid is der behoefte oan ferbining en wolle wy as radiostasjon in freon foar ús harkers wêze", sa seit haadredakteur Ingrid Spijkers. "Minsken kinne ek fersykjes foar inoar oanfreegje en sa dochs in bytsje by inoar wêze."

Bysûndere duo's

"It begûn as in wyld idee", fertelt projektlieder Martine van der Steege. "Foarich jier ha we 'Sis it mar!' oerdei al dien en dat wie in sukses. Dit jier sieten wy om tafel en tochten wy 'hoe moai soe it wêze as we júst no der dei en nacht wêze kinne soenen foar elkenien'." Dat soe wol betsjutte dat de hiele Omrop de skouders derûnder sette moast om it slagje te litten. "Nei in lytse rûngong waard al gau dúdlik dat der safolle entûsjasme en animo wie, dat dit rûnkomme soe."

Bekend en ûnbekend

En dus komst tusken krysttiid en âld en nij de bekende Omrop-presintatoaren tsjin yn de programmearring, mar foarmje dy ek duo's mei Omrop-meiwurkers dy't yn it deistige libben op oare ôfdielingen wurkje. "Je treffe duo's as Simone Scheffer en Geartsje de Vries, mar ek Jacob Stelwagen en Froukje Sijtsma, of Diana de Groot en Hotske Rispens. Hotske wurket gewoanwei op 'e planning, mar krûpt ek efter de mikrofoan om Diana en de harkers by te stean yn dizze bysûndere oerkes."
Projektlieder Martine van der Steege oer 'Sis it mar'
Fan 27 desimber oant 31 desimber giet dus oerdei de gewoane programmearring troch en binne der nachts ekstra ynlaske programma's, mar alle fjouwer dagen en nachten steane fersykjes sintraal. Harkers kinne fersykjes oanfreegje fia de Omrop-app of troch in berjocht te stjoeren nei 06 - 20 499 199.