RIVM meldt 260 nije besmettingen yn Fryslân

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân 260 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat binne der 39 mear as woansdei, doe wiene it der 221. It deistige trochsneed fan de ôfrûne sân dagen is 198.
It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
It hegere tal besmettingen kin komme troch in steuring by de GGD fan tiisdei. Dêrtroch is doe net alles binnenkaam.
De measte besmettingen binne it ôfrûne etmiel meld út Súdwest-Fryslân mei 65, dêrnei folgje Ljouwert mei 48 en Smellingerlân mei 25 nije besmettingen.

Ien persoan ferstoarn

Der is ien nij stjergefal meld. Dat giet om in ynwenner fan Súdwest-Fryslân. Dêrnjonken is in ynwenner fan Smellingerlân opnaam yn it sikehûs.
Lanlik binne der 12.844 nije besmettingen meld. Dat is mear as ea, mar dat kin ek komme troch de steuring fan earder dizze wike.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.