Corona, Aart Staartjes en Amerikaanske ferkiezings: dit ha Friezen in soad googele

Friezen hawwe dit jier in soad googele nei it coronafirus, it wie ien fan de meast opfallende trends yn de sykmasine. Friezen sochten ek in soad nei de Amerikaanske ferkiezings en ferskate ferneamde Friezen en Nederlanners. Dat docht bliken út de sifers Google bekend makke hat oer termen dy't opfallend mear as oare jierren socht binne.
© Google
Seis fan de tsien meast opfallende termen yn de sykmasine hiene te krijen mei it coronafirus. Ek yn it sykgedrach is dus te sjen dat it firus minsken dwaande hâldt.
Neist it coronafirus, is ek in protte socht op 'verkiezingen Amerika'. De ferkiezings tusken Donald Trump en Joe Biden wiene oer de hiele wrâld yn it nijs, en hold Friezen ek yn 'e besnijing.

Ferneamde persoanen

Fan de trije ferneamde Nederlanners dêr't Friezen wol wat mear oer witte woene, stiet Fred van Leer it heechst. De presintator, dy't dit jier beslist net in maklik jier achter de rêch hat, makke ûnder mear in wapene oerfal mei en bedarre yn it sikehûs.
Shorttrackster Lara van Ruijven stiet ek yn de top tsien. By de 27-jierrige wrâldkampioen waard ein juny in steurnis oan it ymmúnsysteem konstatearre, yn july ferstoar se.
De tredde 'BN'er' yn de list is Aart Staartjes. De 81-jierrige akteur kaam yn jannewaris 2020 om it libben by in ferkearsûngelok mei syn brommobyl yn Ljouwert.

Top 10

De folsleine top 10 fan meast opfallende Google-syktermen yn Fryslân: