Basketballers, kuorballers, follyballers en sealfuotballers. Samar in pear fan de 5.000 topsporters dy't de groepstraining wer oppakke meie, nei't se dêr ferline wike
tastimming foar krigen fan it regear. In útsûndering binne de maratonriders. Sy stean net op de list mei topsportkompetysjes dy't foarearst wer los meie. "As dat it offer is, dat wy bringe moatte, dan bringe wy dat", sa seit reedrydcoach Jillert Anema.