IIshockeyklups lûke stekker út seizoen: gjin kompetysje foar UNIS Flyers

Yn oerlis mei de fjouwer oare Nederlânske iishockeyklups hat UNIS Flyers besletten de stekker út de kompetysje te lûken. It betsjut dat der gjin BeNe League is, mar ek gjin NK en bekerkompetysje. Omdat de BeNe League ûnder topsport falt, wiene trainingen en wedstriden noch wol tastien. Mar mei de protokollen dy't der jilde is it net realistysk. De finansjele en organisatoaryske risiko's binne gewoanwei te grut.
© Orange Pictures
Der komt dus gjin iishockeyseizoen 2020-2021 en der is dus ek gjin winner. Earder hiene de fiif Nederlânske klups besletten de start fan de kompetysje út te stellen oant desimber. De BeNe League waard koartlyn wol as topsport bestimpele, dus wedstriden en trainingen soene wol meie. Mar allinne mei in strang protokol, en dêr leit it probleem.

Beheiningen: hege easken protokol

Neffens de iishockeyklups binne easken fan it protokol net realistysk. In fatsoenlike kompetysje kin der net mei spile wurde. Sa is ien fan de easken dat de seleksje, sjuery en de begelieding fan de klups twa kear yn de wike test wurde op it coronafirus. Dat kostet in soad jild. Oan de oare kant binne taskôgers net tastien, dêrtroch soene der gjin opbringsten út kaartferkeap wêze en it sponsorjild soe ek leger komme te lizzen.
As der al in kompetysje úteinsette soe, dan wie der mar in beheinde tiid foar. Te min foar in kompetysje, want de iisbanen geane uterlik ein maart 2021 wer ticht. Dêrnjonken is ek altyd de kâns dat der spilers besmet reitsje, en dat kin ek gefolgen hawwe foar it spulskema.

Foarsitter Hoekstra: "Spitich, mar kin net oars"

Foarsitter Henk Hoekstra fynt it spitich dat de kompetysje net úteinsette kin, mar lit ek witte dat it net oars kin. Neffens him hat it beslút foarearst gjin gefolgen foar de relaasje mei iisstadion Thialf. "Der is noch net sprake fan in hierkontrakt, dus wy hawwe ôfpraat dat wy it foarearst gewoan in jier trochskowe."
De spilers fan UNIS Flyers binne woansdeitejûn ynljochte. Sy fine it ek skande, seit Hoekstra: "Mar sy seagen it ek wol oankommen. Der waard noch traind de ôfrûne tiid, mar dat wie al hiel frijbliuwend."
UNIS Flyers hopet dat der yn septimber 2021 wol wer in iishockeyseizoen úteinsette kin.
Foarsitter Henk Hoekstra fan Unis Flyers