Fryske Miljeufederaasje siket klimaatambassadeurs
Waarme simmers, lange perioaden fan drûchte of just wetteroerlêst. It klimaat feroaret en de ynrjochting fan ús lân moat mei feroarje. De Fryske Miljeu Federaasje wol graach meiprate oer dy ynrjochting en set dêrfoar klimaatambassadeurs yn. Woansdeitejûn ha se in digitale ambassadeursgearkomste oer de gefolgen fan de klimaatferoaring en hoe't je mei dy gefolgen omgean kinne.

"Wij zijn geneigd snel te grijpen naar technische oplossingen: hogere dijken, meer stuwen en meer gemalen. Maar in die bijeenkomst staan we stil bij hoe je juist de natuur kunt inzetten om om te gaan met de gevolgen van klimaatverandering. Je kunt natuur bijvoorbeeld inzetten als golfslagbreker", seit Monique Plantinga fan de Fryske Miljeu Federaasje. Dat bart bygelyks al mei kwelders yn bûtendykse gebieten.
In oar foarbyld is neffens Plantinga it plantsjen fan mear grien om stêden hinne. "Dan zet je natuur eigenlijk in als groene airco."
Ambassadeurs
De federaasje set boargers as ambassadeurs yn om ynfloed te krijen op it belied fan bygelyks gemeenten. De ambassadeurs sitte bygelyks oan tafel by 'klimaattafelgesprekken' fan de gemeenten.
"Het zijn inwoners die iets hebben met klimaat, met water, met landschap. Zij zouden daar aan tafel kunnen aanschuiven om deze leuke concepten, waarbij de natuur bijdraagt aan meer veiligheid, maar ook aan een aantrekkelijker landschap onder de aandacht kunnen brengen", seit Plantinga.
Syktocht
De FMF is noch op syk nei mear ambassadeurs. Dêrfoar hawwe je neffens Plantinga affiniteit mei natuer, lânskip en klimaat nedich. "En het leuk vinden om daarover in gesprek te gaan met beleidsmakers en een beetje tijd om aan dit soort gesprekken deel te nemen. Dat is belangrijk", sa seit Plantinga.
Monique Plantinga fan de Fryske Miljeu Federaasje