FIDEO: Komplottinken yn tiid fan krisis, dat en mear yn Thúsakademy

Wat hawwe de Fabeltjeskrant, Trump, it Instagram-account fan in Frysk topmodel en in útstjoering fan Arjen Lubach mien? Sy fertoane alle fjouwer spoaren fan komplottinken.
Yn it twadde kolleezje fan de Thúsakademy, live fan it plein yn Frjentsjer ôf, kaam dr. Sytze Ypma oan it wurd oer Dolen in het donker. Hy fertelde oer komplottinkers en gearspanningen yn tiden fan krisis.
Yn dit kolleezje stie er stil by twa saken: wat fiedt dit komplottinken yn tiden as dizze? En wat leare wy oer dit tinken út de psychology fan 'e waan wei?
© Omrop Fryslân
Ferline wike wie it earste kolleezje fan Adrie Warmenhoven.