Epke Zonderland en Linda Steen ferwachtsje twadde berntsje

Der is in twadde berntsje op komst foar Epke Zonderland en syn frou Linda Steen. De turner fan De Lemmer makke dat woansdeitemoarn bekend fia Instagram.
© Instagram Epke Zonderland
Zonderland en Steen binne al de grutske heit en mem fan soantsje Bert Eize (2). "Zo blij en dankbaar dat onze kleine jongen grote broer gaat worden!", skriuwt de turner yn syn berjocht.
Hy hat yntusken mear as fjouwerhûndert reaksjes út binnen- en bûtenlân krigen op it poppenijs, wêrûnder lokwinsken fan atlete Dafne Schippers en turnster Eythora Thorsdottir.