KNSB-Cupwedstriden gean net troch

De lockdown hat ek gefolgen foar guon fan de wedstriden fan de KNSB. De topwedstriden foar reedriders en shorttrackers kinne de kommende moannen trochgean, mar ûnder oare de KNSB-Cupwedstriden by sawol it shorttracken as it langebaanriden, wurde fan de kalinder helle.
© www.orange-pictures.nl
It maratonriden hat oant no ta noch gjin inkele wedstriid organisearje kinnen. De KNSB meldt dat der yntinsyf oerlein wurdt mei NOC*NSF om it maratonriden as topsport oan te merken. "We hopen daar een dezer dagen duidelijkheid over te krijgen", seit technysk direkteur Remy de Wit fan de KNSB. "We zijn in ieder geval superblij dat we topsport langebaan en shorttrack draaiende kunnen houden. We zullen met deze uitzonderingspositie uiterst zorgvuldig om blijven gaan."