Liveblog | 17 desimber 2020

Coronanijs fan 16 desimber: 221 nije besmettings | Kabinet skerpet regels foar winkels oan

Dit is it liveblog fan woansdei 16 desimber mei it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân.
Bywurke: 17 desimber 2020, 07:38
woansdei 16 desimber 2020
23:00

Ein fan dit liveblog

Dit wie it liveblog fan woansdei 16 desimber. Tank foar it folgjen!
21:30

LDODK set 16 jannewaris wer útein yn Kuorbal League

De Kuorbal League, it heechste kuorbal-nivo fan Nederlân mei dêryn LDODK fan De Gordyk, set 16 jannewaris wer útein. Dat hat it KNKV woansdei bekend makke. Ek de Reserve Kuorbal League, wêryn't de twadde teams útkomme, mei wer los. De kompetysje giet fierder yn twa pûls fan seis teams.
18:52

Skoaleksamens ferspraat en ekstra twadde kâns

Eineksamenlearlingen krije dit skoaljier fanwegen de coronakrisis mear romte om harren eksamens te dwaan. Dat skriuwt ûnderwiisminister Arie Slob yn in brief oan de Twadde Keamer.
Der komme twa tiidfekken wêryn't se de eineksamens meitsje kinne. Dêrtroch kinne learlingen dochs alle eksamens meitsje as se yn it earste blok siik wêze soene of yn karantêne moatte fanwegen it coronafirus.
Ek meie se der sels foar kieze in eksamen nei it twadde plak te ferskowen, sa't se mear tariedingstiid hawwe. Boppedat krije se in ekstra twadde kâns.
It earste tiidfek is fan moandei 17 maaie oant en mei tiisdei 1 juny en it twadde is fan moandei 14 juny oant en mei freed 25 juny. It fak foar de twadde kânsen is fan 6 july oant en mei 9 july.
16:51

Nei bûten mei de blommen

It is foar blommisten tastien om foarearst oant de krystdagen guod te ferkeapjen. De winkels sels moatte ticht, mar foar de winkels is it tastien om in kreamke del te setten. Dêrmei is neffens brancheferiening Vereniging Bloemist Winkeliers, de lobby foar in grut part slagge.
Op Rijksoverheid.nl stiet spesifyk fermeld dat winkels in blommeferkeap in bûtenpresintaasje ynfolje mei. Op basis fan dy ynfo meie je derfan útgean dat bûten de winkel in ferkeap- en ôfrekkenpunt ynrjochte wurde mei, sa seit de VBW. It ôfheljen fan produkten, is allinnich tastien op bestelling. Besoarging bliuwt ek mooglik.
16:40

Stel jo fraach oan Wim Kleinhuis fan de Feiligheidsregio

We binne wer yn in hurde lockdown bedarre. Mar hokker winkels meie no noch wol iepen en wêrom? En hoe hâlde wy dizze tiid mei ús allen fol? Stel dyn fraach oan direkteur Wim Kleinhuis fan Veiligheidsregio Fryslân. Hy is fan 'e middei tusken 16:00 en 17:00 te gast yn ús radioprogramma Weistra op Wei. App dyn fraach nei de Omrop-app of belje (058-2123618) tusken 16:00 en 17:00 nei de studio!
16:32

Action dochs wer ticht

Winkelketen Action docht dochs de doarren fan harren winkels ticht, no't it kabinet in oanskerping fan de coronaregels oankundige hat. Guon filialen soene al ticht wêze. Sa kamen BOA's yn aksje yn Amsterdam om in Actionwinkel dêr te sluten.
De rom 400 filialen fan de Action diene woansdeitemiddei de doarren wer iepen, nettsjinsteande de lockdown. Neffens de winkel waard der genôch essensjeel guod ferkocht op in iepening te ferantwurdzjen. Mar minister Hugo de Jonge liet witte dat dit net de bedoeling wie. "Dit is niet het moment om de randen van de regels op te zoeken, en daarom kan het gewoon niet."
De Action fûn de reaksje fan de minister 'net fair'. "Wij hebben niet de randen opgezocht, maar de regels gevolgd zoals ze staan op Rijksoverheid.nl en zijn uitgelegd na navraag bij het ministerie van Economische Zaken."
16:09

Drokte op moandei

De Nederlânske winkelstrjitten wiene moandei ûngefear twa kear sa drok as de wike dêrfoar. Troch it útlekte nijs dat Nederlân yn in lockdown gean soe, reizgen minsken noch gau eefkes nei de winkel om bygelyks krystkadootsjes te keapjen. De dei wie dêrmei de drokste moandei fan it jier, seit retailadvysburo RMC. Se hawwwe dit mjitten troch middel fan wifi-signalen en mobyltsjes.
Sa drok as op Black Friday wie it moandei net. Der wiene gemiddeld in kwart minder minsken yn de winkelstrjitten as by dat keapfeest.
Tiisdei, de earste dei fan de lockdown, wie it fuort in stik rêstiger. Neffens RMC wiene der ûngefear 51 prosint minder minsken oan it winkeljen as in wike dêrfoar.
15:54

Mear minsken op IC en ferpleechôfdielingen

Yn Fryslân lizze op dit stuit 20 minsken mei in coronafirus besmetting op de Intensive Care. Dat binne der twa mear as moandei. Op de oare Fryske sikehûsbêden lizze 48 minsken mei corona. Dit binne der fjouwer mear as moandei.
Yn totaal binne der yn de trije Noardlike provinsjes 67 minsken fan bûten de regio opnaam yn it sikehûs. Hoefolle fan harren yn in Frysk sikehûs lizze, is net bekend.
15:20

221 nije besmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne de ôfrûne 24 oeren 221 minsken besmet mei it coronafirus. De measte besmettingen wiene yn Súdwest-Fryslân mei 44, dêrnei folgje Ljouwert mei 28 en Noardeast-Fryslân mei 24 nije besmettings.
Trije minsken moasten nei it sikehûs mei in coronabesmetting, en ien persoan is ferstoarn oan it firus.
De GGD hie op tiisdei te krijen mei in steuring wêrtroch't sifers fan dy dei langer op him wachtsje lieten. Mooglik sitte der woansdei ek besmettingsmeldingen fan de dei dêrfoar by, en is it byld fertekene.
15:07

Stil yn de binnenstêd fan Ljouwert

14:59

KNMO: "Hâld jimme oan de regels!"

Foarsitter Jaap Akkerman fan Op Maat © Omrop Fryslân
De KNMO, de Koninklijke Nederlandse Muziek Organisaasje, ropt har leden op om har te hâlden oan de maatregelen dy't it kabinet ôfkundige hat. De organisaasje krijt in soad fragen fan leden, oer oft eventuele bûtenoptredens fan orkesten as ensembles mei de Krysttiid trochgean kinne as net.
Neffens de KNMO wurde hjirby de rannen fan de maatregels opsocht, en dat moat perfoarst net. "Wij hebben enorm veel begrip voor de wil om op de een of andere manier muziek te maken, maar we willen als KNMO geen adviezen geven die tegenstrijdig zijn aan de regelgeving en de algemene oproep die gisteren is gedaan. #Blijf thuis, #Blijf gezond!"
14:38

Restaurant Lokaal op Hatsum wurdt supermerk

Restaurant Lokaal op Hatsum yn Hatsum makket mei yngong fan sneon fan syn ytgelegenheid in supermerk. Lokale ûndernimmers en boeren kinne yn it pân in plak hiere om iten en drinken te ferkeapjen.
Dat docht Lokaal op Hatsum om de druk op de supermerken ôf te nimmen, no't in soad winkels foar net-essinsjele produkten sletten binne. Dêrneist moat it derfoar soargje dat der in koartere itensketen komt, om't der allinnich wurke wurdt mei lokale leveransiers.
Eigener Corné van de Erve sprekt fan in win-winsituaasje. "De 'brede welvaart' wordt op deze manier enorm gestimuleerd: leefbaarheid op het platteland, circulaire economie, aanpak eenzaamheid, werkgelegenheid, gezond voedsel en meer", is de taljochting.
Lokaal op Hatsum © Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
14:19

Blokker komt mooglik mei besoarchtsjinst

Winkelketen Blokker ûndersiket de mooglikheden om in eigen besoarchtsjinst op te setten. Meiwurkers fan it bedriuw soene dêrby ynset wurde kinne as koeriers.
No't de measte fysike winkels twongen ticht binne om de oplôging fan it oantal coronabesmettings tsjin te gean, sille de online oankeapen by winkelketens allinnich mar tanimme. Om eventuele fertragings troch oerbelêsting by pakketbesoargers as PostNL of DHL tsjin te gean, ferkent Blokker in eigen Blokker Express.
It idee stiet noch yn 'e berneskuon dus in soad is noch ûndúdlik, seit in wurdfierster fan Blokker-memmekonsern Mirage Retail. "Maar we hebben ruim 400 winkels en in principe zijn we in staat om onze mensen in vaste dienst hiervoor te vragen."
14:15

WHO: by krystmiel ek mûlkapke op

De Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) is benaud dat it coronafirus opnij oplôget yn Fryslân en riedt minsken dêrom oan dat minsken mei de feestagen ek yn famyljeferbân in mûlkapke drage. De WHO stelt dat der in grut risiko is dat der begjin fan it kommende jier in nije weach fan it firus komme kin.
"Het voelt misschien ongemakkelijk om mondkapjes te dragen en afstand te houden in het gezelschap van vrienden en familie", erkent de organisaasje. Dy seit mei klam dat minsken sa wol soargje kinne dat minsken yn har omjouwing sûn bliuwe kinne. De WHO ropt op gearkomsten wêr mooglik bûten te hâlden en ek dan foarsoarchsmaatregels te nimmen.
14:06

Protestânske Tsjerke: wenje krysttsjinst digitaal by

De Protestânske Tsjerke Fryslân ropt tsjerkegongers op om de krysttsjinst allinnich digitaal by te wenjen. Premier Rutte kundige moandei ôf dat alle fysike kontakten tusken minsken sa bot mooglik beheind wurde moatte. Dêrby joech er gjin spesifike maatregels foar gebedshûzen, mar rôp harren wol op de lanlike maatregels te folgjen.
As tsjerken dochs beslute tsjinsten te hâlden, seit de Protestânske Tsjerke mei klam dat mei net mear as 30 minsken te dwaan, yn line mei de rjochtlinen fan it RIVM. Dêrby soe der ek net songen wurde meie.
By útfearten meie noch altyd maksimaal 100 persoanen oanwêzich wêze en by houliken maksimaal 30.
13:50

HEMA slút mei yngong fan tongersdei alle winkels wer

Winkelketen HEMA slút mei yngong fan tongersdei alle filialen wer. Earder woe HEMA syn winkels noch iepen hâlde foar iten, drinken en oare essinsjele produkten, om stipe te bieden oan supermerken en drogisterijen.
"Vanwege de onduidelijkheid in de regelgeving van de overheid is gebleken dat dit niet leidt tot het gewenste resultaat", lit HEMA witte yn in ferklearring. De keten betreuret nei eigen sizzen de ûndúdlike regeljouwing en de wizigingen dy't troch it kabinet makke binne.
13:29

Kabinet skerpet regels foar winkels yn lockdown oan

It kabinet skerpet de regels foar winkels yn de lockdown fan de kommende wiken fierder oan. Allinnich winkels dy't minstens 70 persint fan harren omset helje út artikels foar libbensûnderhâld, lykas iten en drinken, drogisterijartikels, himmelmiddels, persoanlike fersoarging en biste-iten, meie iepen bliuwe.
Dat stiet yn in brief dy't minister Eric Wiebes en steatssekretaris Mona Keijzer (Ekonomyske Saken) oan de detailhannel stjoerd hawwe. In útsûndering bliuwt jilden foar bredere winkels dy't in aparte ôfdieling hawwe foar libbensmiddels. Dy moatte wol in eigen yngong hawwe om iepen te bliuwen.
13:20

Action yn Ljouwert iepenet doarren

De Action oan de Skrâns yn Ljouwert hat woansdeitemiddei syn doarren iepene foar publyk. Meiwurkers hawwe de gongpaden mei net-essinsjele produkten ôfskerme en ôfsletten.
HEMA melde tiisdei, in dei nei't premier Rutte de lockdown ôfkundige, de ôfdieling mei iten iepen hâlde te wollen. Action en Wibra folgen mei oankundigings dat ek sy yn oanpaste foarm iepen bliuwe wolle.
Dat giet lykwols yn tsjin de coronamaatregels fan it kabinet. Dat sil letter woansdei oankundigje dat Action en Wibra sletten bliuwe moatte. Dat melde boarnen rûn it kabinet, skriuwt it AD. Der wurdt noch 'puzzele' op in goede formulearring, stelt in ynwijde.
© ProNews
12:32

Gjin publike fierings op krystjûn yn Roomsk Katolike-tsjerken

Yn de Roomsk Katolike-tsjerken binne dit jier op krystjûn gjin publike fierings, lykas de nachtmis. De Nederlânske biskoppekonferinsje hat dêrta besletten, sa meldt in wurdfierster fan de Rooms-Katholiek Kerkgenootschap (RKK). It betsjut dat der tusken tongersdei 24 desimber 17.00 oere en freed 25 desimber 7.00 oere hielendal gjin publike fierings hâlden wurde.
De biskoppen wolle yn dizze perioade fan lockdown in beweging fan sa folle minsken tagelyk foarkomme.
"Juist de vieringen op kerstavond en in de kerstnacht worden doorgaans door veel mensen bezocht. Het besluit om op kerstavond en in de kerstnacht geen publieke vieringen te laten plaatsvinden, nemen de bisschoppen met pijn in het hart", is de ferklearring.
12:13

Skoallen foar guon learlingen wol iepen

De skoallen bliuwe oant 18 jannewaris sletten om fersprieding fan it coronafirus te beheinen. Der binne lykwols útsûnderings. Sa gean op de measte middelbere skoallen de fysike lessen foar eksamenlearlingen troch.
Learlingen dy't skoaleksamens dwaan moatte yn it (foar-)eksamenjier meie ek gewoan nei skoalle ta. Dêrneist gean de praktyklessen foar vmbo-learlingen troch. Kwetsbere bern of bern mei âlden mei krúsjale beroppen, binne ek wolkom op skoalle.
Yn alle oare gefallen wurde der lessen op ôfstân jûn.
11:58

Moaie ferrassing foar dosint

Dosint Nederlânsk Conrad Berghoef fan ROC Friese Poort yn Drachten krige in moaie ferrassing fan syn learlingen. Earder dielde hy noch dat it online lesjaan net maklik en behoarlik frustrearjend is. Syn learlingen stutsen him dêrom in hert ûnder de riem.
11:22

Kabinet grypt yn: Action en Wibra meie doarren net iepenje

De winkels fan Action en Wibra meie de doarren dochs net iepenje. It kabinet sil letter woansdei oankundigje dat sy sletten bliuwe moatte. Dat melde boarnen rûn it kabinet, skriuwt it AD.
Der wurdt noch 'puzzele' op in goede formulearring, stelt in ynwijde. Dy sprekt fan in "glijdende schaal", nei't HEMA tiisdei, in dei nei't premier Rutte de lockdown ôfkundige, melde de ôfdieling mei iten iepen hâlde te wollen. Action en Wibra folgen mei oankundigings dat ek sy yn oanpaste foarm iepen bliuwe wolle.
10:42

Warskôging foar nep-GGD'ers

De Fryske feilichheidsregio warskôget foar oplichters, dy't har foardogge as minsken fan de GGD. Dy kinne je benaderje as je wachtsje op de útslach fan in coronatest, en dan freegje om persoanlike gegevens. Om dat foar te kommen, moatte minsken online net melde dat se in coronatest hân ha, seit de feilichheidsregio.
10:34

Action en Wibra dochs iepen

De goed 400 winkels fan Action yn Nederlân iepenje fan woansdeitemiddei ôf wer de doarren foar klanten. Ek de Wibra wol op itselde momint iepen. Klanten kinne by de budzjetketens allinnich telâne foar produkten dy't as essinsjeel beskôge wurde, sa as skjinmakmiddels, hygiëneprodukten en itensguod. Alle oare produkten sille ôfskerme wurde.
Action seit dochs iepen te meien nettsjinsteande de moandei ôfkundige lockdown, om't sa'n 40 prosint fan de omset behelle wurdt mei essinsjele artikels. De oerheid hantearret in grins fan 30 prosint omset út bygelyks itensguod, húskepapier en sjippe.
It fakbûn FNV is der kritysk oer dat in soad winkels dochs wer iepengean, wylst it oantal coronabesmettingen bot tanimt. Neffens bestjoerder Linda Vermeulen krijt it FNV in soad berjochten fan winkelmeiwurkers dy't harren soargen meitsje oer de sûnenssituaasje. "Maar winkelketens gaan nu gewoon door zoals ze al deden", zegt Vermeulen. "De grootste zorg is het coronavirus. We zouden met z'n allen maatregelen nemen om het virus achter ons te laten."
Polityk lieder Lodewijk Asscher fan de PvdA wol opheldering fan it kabinet oer de situaasje:
10:30

Wolkom yn dit liveblog!

Dit is it liveblog fan woansdei 16 desimber mei it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân. It coronanijs fan tiisdei 15 desimber kinst hjir neilêze.