UPDATE: Fûle brân leit boatebedriuw yn Heech yn 'e jiske

In bedriuw yn Heech dat elektryske boaten bout, is yn 'e nacht fan tiisdei op woansdei troch in tige fûle brân yn 'e jiske lein. De útslaande brân wie by De Stille Boot oan It Bûtlân, dêr't mear saken sitte.
Brân yn Heech
By de brân kaam in soad reek frij, dêrom is der in NL-Alert ferstjoerd nei minsken yn de omjouwing. De brânwacht skaalde gau op: de ploegen fan Heech, Snits en Drylts waarden yn earste ynstânsje oproppen. Letter kamen dêr ploegen út De Jouwer, Drachten, De Lemmer en Boalsert by. Mei in kraan sloopte de brânwacht dielen fan it gebou, om de brân better bestride te kinnen en de reek te ferminderjen.
De boatebouwer is folslein ferlern gien. Omlizzende bedriuwen ha skea oprûn, mar dy is neffens brânwachtwurdfierder Baukje de Wal beheind bleaun. Nei't de brân ûnder kontrôle wie, gie de brânwacht oer op it neiblussen.
Hoe't de brân ûntstean koe, is noch net bekend. De eigener fan it pân wurdt by de ôfhanneling fan de skea bystean troch Stichting Salvage.
Ferslachjouwer Ben de Jager yn petear mei brânwachtwurdfierder Baukje de Wal