Telefoan stiet readgleon by hotels nei taspraak fan Rutte

De telefoan stiet readgleon by Grand Hotel Post Plaza yn Ljouwert nei de taspraak fan premier Mark Rutte. Minsken wolle harren oernachting annulearje of wolle ekstra ynformaasje oer de mooglikheden. Rutte wie noch net útpraat moandei of de earste telefoantsjes kamen al binnen.
Hotel Post Plaza yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Willem de Vries
Neist de annulearringen wiene der ek in protte klanten dy't ynformaasje woene oer de nije situaasje, wêrnei't se besleaten de boeking stean te litten. Dat fernuvere eigener Herman Schreuder tige, want hy hie in werhelling fan maart ferwachte. Doe waarden manmachtich keamers annulearre.

Swiere tiden

Dochs hat it hotel mei sa'n 82 keamers it swier. Sa gie it personielsbestân fan 130 werom nei 100 sûnt maart, en is de besetting net heech genôch om finansjeel kyt te spyljen.
"Wij hadden tijdens de toespraak een team van medewerkers klaar staan om de eerste vragen en reactie op te vangen", seit direkteur Herman Schreuder fan PostPlaza. "Daar bleek eigenlijk gelijk al uit dat er een hoop onduidelijk is. Duidelijk is dat we open mogen blijven."
Direkteur Herman Schreuder oer de nije situaasje
Mar der feroaret ek wat: "Grote verandering is dat we geen restaurantfunctie meer hebben. We mogen niet meer koken en drankjes inschenken en dat gaat tegen onze natuur in. Daarom is er speciaal een afhaal ingericht, dan kunnen mensen toch komen. Ze mogen dan bij het afhaalloket hun eten ophalen en dat op hun kamer ophalen."

Studinteprojekt leit stil

Twa wiken ferline sette it hotel de duorren noch iepen foar studinten fan hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert. De studinten krigen in plakje om te studearjen, om't se oars allinnich mar thús sitte. "Dat studentenproject ligt nu ook stil", fersuchtet Schreuder. "We kregen veel positieve reacties van de studenten. Maar helaas is dat nu ook klaar."
© Omrop Fryslân, Willem de Vries