Marian Jager-Wöltgens moat foar rêst soargje yn Eaststellingwerf
Marian Jager-Wöltgens is tiisdei beneamd as wethâlder fan de gemeente Eaststellingwerf. De gemeenteried is unanym akkoart gong mei de foardracht. Jager-Wöltgens (66) wennet yn Easterwâlde en sit al langer yn it iepenbier bestjoer.

Jager-Wöltgens is de fjirde wethâlder yn de gemeente. Dat is in gefolch fan it útelkoar fallen fan benammen Ooststellingwerfs Belang, wêrtroch't it kolleezje gjin mearderheid mear hie yn de ried. De opposysjepartijen ha no in mearderheid yn de ried en se fiele har net fertsjintwurdige.
Rêst
De komst fan Jager-Wöltgens moat dat oplosse. Se is wol lid fan de PvdA, mar se wurdt oansteld as partij-ûnôfhinklik wethâlder. Har politike ûnderfining moat bydrage oan rêst yn de gemeente.
Soad ûnderfining
Se wie earder al wethâlder yn deselde gemeente, lid fan Provinsjale Steaten yn Fryslân en waarnimmend boargemaster fan Opsterlân. Fierders hat se yn bestjoersfunksjes aktyf west by it nasjonaal park Drents-Friese Wold, Fier, Omrin, Steatsboskbehear en soarchgroep Liante.
"Ik heb er veel zin in om de komende periode samen met de gemeenteraad, het college en de inwoners te werken aan een aantrekkelijke, dynamische en duurzame gemeente," aldus Marian Jager-Wöltgens.
