Wenningoerfal yn Broeksterwâld, plysje siket dieder

Yn Broeksterwâld is tiisdeitejûn in wenning oerfallen. Dêrby is gjinien ferwûne rekke, mar de dieder is wol ûntkaam. By de oerfal is ien man sjoen. De plysje is no nei him op syk yn de omkriten fan de Patrimoniumwei.
De plysje yn Broeksterwâld op de jûn fan de oerfal © Srfotografie
Der wurdt ek in Burgernet-melding útdien, wêrby't de plysje minsken freget om mei te tinken. De dieder hie in bivakmûtse op. De plysje docht gjin meidieling oer wat de man bútmakke hat.