Súdwest-Fryslân stelt doarpshûs Warns feilich troch it oer te keapjen

De gemeente Súdwest-Fryslân keapet it gebou De Treffe yn Warns oer fan WoonFriesland. De Treffe is in multyfunksjonele akkommodaasje. Yn it gebou sitte ûnder oare in basisskoalle, berne-opfang en fysioterapy.
© Google Street View
Tal fan ferieningen en oare brûkers drigen it ûnderdak te ferliezen, om't de stichting Vrienden van Janke Tromp, dy't de hier betelle, opheft wurdt. Dêrtroch stiene ek aktiviteiten foar âlderein yn it doarp faai.
Doarpsbelang Warns en doarpskultuerhûs De Spylder ha no ôfspraken makke oer ferskate aktiviteiten yn it doarp. Der komme aktiviteiten foar jong en âld, sûnens- en wolwêzensaktiviteiten en ynrinaktiviteiten. De Splyder rjochtet him mear op kulturele aktiviteiten en doarpsgearkomsten.

WoonFriesland: allinnich noch mear ferhiere

De Treffe wie it lêste grutte maatskiplike fêstgoed yn de gemeente. "Wij willen ons volledig richten op onze kerntaak", seit direkteur-bestjoerder Sigrid Hoekstra. "Dat is het verhuren van goede en betaalbare woningen voor mensen die dat nodig hebben. De opbrengst van De Treffe investeren wij in de kwaliteit en verduurzaming van onze sociale huurwoningen en komt de huurders rechtstreeks ten goede."