Drugspân yn Snits ticht om hannel yn harddrugs
Boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân hat tiisdei in drugspân yn Snits foar trije moanne sletten. Ut plysjeûndersyk die bliken dat de bewenner yn harddrugs hannele. By in ynfal waard hast 18 gram kokaïne, 3 gram himp en in stroomstjitwapen fûn.
