FIDEO: 11 Andere Oorden op de ierappelfjilden by Swarte Haan

Fiskers dy't elkoar opsykje yn de krysttiid. Dat moat it twadde ljochtkeunstwurk fan de keunstners fan LUNA Collective foarstelle. Op de ierappelfjilden by Swarte Haan binne ferskate angels te sjen dy't ljocht jouwe. Op alve plakken yn Fryslân binne de kommende tiid ljochtkeunstwurken te sjen, dit is it twadde ljochtkeunstwurk.
11 Andere Oorden by Swarte Haan
11 Andere Oorden is in ljochtkeunstprojekt fan LUNA Collective (yn oparbeidzjen mei Provinsje Fryslân), dat fertoand wurdt op alve lokaasjes yn Fryslân. Alle dagen op in nij, geheim plak. Efter elk projeksje sit in krystgedachte. Fanwegen de beheinende maatregels mei der gjin publyk by wêze. In ympresje fan de ljochtprojekten is dêrom fan moandei 14 oant en mei 24 desimber alle dagen fan 17.00 oere ôf te sjen op telefyzje en online by Omrop Fryslân of op www.friesland.nl/11oorden. Op earste krystdei folget in kompilaasje. Hjir binne alle oare fideo's te sjen.