Onderzoeksraad docht ûndersyk nei sonken fiskkotter boppe Skier

De Onderzoeksraad voor Veiligheid docht tiisdei in ferkennend ûndersyk nei it sinken fan de fiskkotter ferline wike. It giet om de UK 171 fan Urk.
© ANP
De kotter sloech seis dagen lyn om op de Noardsee boppe Skiermûntseach. De opfarrenden binne dêrnei oppikt troch in oare kotter.
De fiskkotter is mooglik mei de netten hingjen bleaun efter in objekt op de seeboaiem. In Siuwsk bedriuw hat it skip burgen.