Byld Betje en Roosje Cohen yn Ljouwert lang om let fuorthelle

It byld foar de Joadske twilling Roosje en Betje Cohen is troch de gemeente Ljouwert foarearst fuorthelle. Oer it byld wie in soad te dwaan. Nei wurksumheden oan de diken en it spoar by de Skrâns kaam it byld op in ûngaadlik plak werom.
It stânbyld kaam nei de rekonstruksje fan de spoarwei-oergong by de Skrâns op in flechtheuvel. Ferkear stoot der oan alle kanten del.
En dêr wie de famylje fan de Joadske twilling net bliid mei: "It stiet der mar gefaarlik dêr op de hoeke", sei beppesizzer Lies Norberhuis fan Betje Cohen earder tsjin Omrop Fryslân. "As minsken út de bocht fleane mei de auto of se hawwe in slokje op, dan giet it mis."
It keunstwurk stiet dan wol foar de susters Betje en Roosje Cohen, mar inkeld Roosje mei har bernewein is ôfbylde.
It byld komt yn de opslach oant der oer plak fûn is.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De Joadske Betje en Roosje Cohen oerlibben de oarloch. Se wiene ferkeapsters op de feemerk en op de Skrâns. Yn 1988 kaam it byld by de spoaroergong op de Skrâns te stean. Troch in werynrjochting is it byld ferpleatst. It stiet sûnt koart ienlik en allinnich op in lytse ferheging tusken de fytsers en de auto's en dat is in soad Ljouwerters min nei 't sin. Op it âlde plak wiene der ek banken by en grien. It is no in keale bedoeling. In spesjaal oprjochte aksjegroep wol dat Roosje in better plak kriget.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust