115 nije besmettingen yn Fryslân, minder meld troch technyske steuring
Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân 115 nije coronabesmettingen meld. Dat binne 146 minder as moandei, doe wiene it 261. Dat hege tal besmettingen fan moandei kaam ek omdat it in ynhelslach fan it wykein wie. Oer de lêste sân dagen sjoen is it deistige trochsneed tal besmettingen 171.
It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
Dat der tiisdei yn ferhâlding sa'n bytsje nije besmettingen meld wurde, komt troch in technyske steuring. De testen binne wol neisjoen by de laboratoaria, mar noch net weromkeppele oan de GGD'en. Yn Fryslân betsjut it dat der noch sa'n 100 positive testen ûnderweis binne. Dêrom wurde de getallen de kommende dagen wer heger. De steuring is yntusken foarby.
Fan de 115 besmettingen dy't tiisdei meld binne, waarden de measten op 'e nij fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (30). Dêrnei komme Ljouwert (18) en Dantumadiel (13).
Yn Fryslân is it ôfrûne etmiel ien stjergefal as gefolch fan corona meld, in ynwenner fan Súdwest-Fryslân. En in ynwenner fan Dantumadiel is opnaam yn it sikehûs.
Lanlik ek flinke delgong
Lanlik binne der 6.682 besmettingen fêststeld. Dat binne ek in stik minder as moandei, doe wiene it der 8.489. Ek dat is leger troch in technyske steuring.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.