Jier sel foar Drachtster pear dat beheinde man útrûpele
In pear út Drachten (36 en 41 jier) dat jierrenlang in ferstanlik beheinde man dy't by harren wenne finansjeel útklaaid hat, is feroardiele ta in jier selstraf plus in jier ûnder betingst. It útrûpeljen duorre al mei al tsien jier.

It pear hat de man, dy't by it pear ynwenne, jierrenlang útrûpele. Hy moast allegear húshâldlike putsjes dwaan, de hûn útlitte en de krantewyk fan de bern dwaan as dy dêr gjin sin oan hiene. Hy betelle telefoan- en telefyzjeabonneminten en nije telefoans foar de húshâlding.
Betellings mei syn pas
De man wie 20 doe't hy yn 2009 by de famylje yn kaam te wenjen. It pear hie syn pinpas en bankrekken yn behear. Yn 'e rin fan de jierren binne der tsien auto's en achttjin kentekens op syn namme setten, wylst hy gjin rydbewiis hie. Hy betelle de wegebelesting, der waard tankt en boadskippen dien mei dyn pas en hy betelle de hier fan in garaazjeboks.
Skulden
It slachtoffer wurke by Caparis en hie in fêst ynkommen. Dochs moast hy geregeld syn mem belje om iten foar jild en drinken, hy boude hieltyd mear skulden op. De man hat in IQ fan 67.
Neffens de dieders die it slachtoffer it allegear út frije wil, mar justysje leaude dêr neat fan. Justysje easke earder trije jier sel en in kontaktferbod foar fiif jier. Dat wurdt no ien jier sel plus ien jier ûnder betingst.
Jild werombetelje
De rjochtbank bepaalde dat it pear it jild dat fan de kostgonger 'plôke' waard werom betelje moat. It giet om in bedrach fan 20.667 euro. De rjochtbank advisearre om de finzenisstraffen fan it pear net tagelyk út te fieren, om foar te kommen dat de bern it sûnder âlden stelle moatte.