Buma: "Carbidschieten mag, maar het is geen leuk feestje dit jaar"

In hurd boadskip fan premier Mark Rutte yn syn parsekonferinsje moandeitejûn: Nederlân sit oant en mei 19 jannewaris yn in folsleine lockdown. Boargemaster fan Ljouwert en Veiligheidsregio Fryslân-foarsitter Sybrand Buma neamt it beslút mear as logysk. "Het enige besluit dat mogelijk was." Hy wiist derop dat it sobere feestdagen wurde en ek it karbidsjitten, dat tastien is, wurdt gjin útlitten feestje.
© Omrop Fryslân
Hoewol't der yn Nederlân grutte regionale ferskillen binne yn de oantallen coronabesmettings is it neffens Buma wichtich dat Fryslân de lanlike line folget. "Ook in Fryslân loopt het razendsnel op. We zitten dan aan de onderkant van de landelijke cijfers, maar hoger dan ooit in Fryslân, dus wij moeten gewoon meedoen."

Soere apel

It is de bedoeling dat de kontaktmominten tusken minsken sa folle mooglik beheind wurde. Dêrom moatte bygelyks net-essinsjele winkels, iepenbiere foarsjennings en skoallen foarearst de doarren slute. Fierder jildt it advys om net mear as twa minsken deis thús te ûntfangen. Allinnich op 24, 25 en 26 desimber jildt in útsûndering, dan meie it trije minsken wêze.
"Het is een zure appel dat je met de feestdagen niet lekker de stad in kunt gaan of mensen op bezoek kunt hebben", seit Buma. "Het is een hele moeilijke periode van het jaar. Maar dat geldt voor iedereen."

Eigen ferantwurdlikens

Neffens Buma komt dat foar it grutste part del op de eigen ferantwurdlikens fan de minsken en is de coronakrisis net op te lossen mei hanthaving. "Het heeft geen enkele zin om te wachten tot er een handhaver naast je staat die kijkt of jij de regels volgt, want dat virus kan al lang overgesprongen zijn. Dit moeten we echt samen zelf oplossen."
It ferset tsjin de coronamaatregels liket lykwols hieltyd mear ta te nimmen. Doe't premier Rutte syn taspraak joech, wie op de eftergrûn protest te hearren fan minsken bûten. "Heel Nederland is er klaar mee. Maar het virus is er nog en de situatie is heel ernstig. Het enige wat we nu kunnen doen, is ons eroverheen zetten. Het is een ernstige crisis die lang duurt."
Karbidsjitten © Omrop Fryslân
Mei de feestdagen foar de doar is it noch mar de fraach hoe goed oft minsken har oan de coronamaatregels hâlde sille. Benammen yn de krysttiid hawwe minsken ferlet fan selskip en is de kâns grut dat se inoar opsykje. Grut sosjaal barren yn Fryslân is it karbidsjitten. Dat sil dit jier sober bliuwe. Minsken meie bûtendoar nammentlik mar mei maksimaal twa minsken gearkomme.
Buma seit dêrom nochris mei klam dat minsken net gearkloftsje moatte. "Het carbidschieten is op zichzelf niet verboden. Het is vooral een sociaal gebeuren, maar dat kan dit jaar niet!" De boargemaster is mei alle karbidploegen yn de gemeente Ljouwert yn petear om derfoar te soargjen dat it net út de klauwen rint kwa oantallen minsken. "Het is echt een saaie bedoening dit jaar. Het mag en de keuze is aan jou, maar het is geen leuk feestje dit jaar."

Ljocht oan ein fan de tunnel

Tagelyk is der ljocht oan de ein fan de tunnel, seit Buma. We moatte dy tunnel neffens him lykwols earst troch. "In januari begint de vaccinatie en dat is het pad naar normaal. Maar het blijft gewoon vreselijk zwaar."
Sybrand Buma, boargemaster en Veiligheidsregio Fryslân-foarsitter