Liveblog | 15 desimber 2020

Coronanijs fan 15 desimber: Takom wike mear dúdlikheid oer faksinaasjes

Dit is it liveblog fan tiisdei 15 desimber mei it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân.
Bywurke: 15 desimber 2020, 23:01
23:00

Noflike jûn

Dit wie it liveblog fan tiisdei 15 desimber. Moarn ha we wer in liveblog. Tank foar it folgjen!
21:48

Beslút oer basisskoallen nei jierwiksel

It kabinet sil begjin jannewaris dochs sjen oft de basisskoallen earder wer iepen kinne as 18 jannewaris. Dat docht it op oantrúnjen fan de Twadde Keamer. In soad partijen ha der problemen mei dat it basisûnderwiis sa lang ticht is. Dat hat grutte gefolgen foar kwetsbere learlingen, dy kinne net goed oerwei mei ûnderwiis op ôfstân.
Premier Rutte is weromhâldend. Om basisskoallen op 11 jannewaris wer iepen te dwaan, moat it beslút op 3 jannewaris falle. "En dan weet je nog maar heel weinig", sei er. Uteinlik sei er ta dat it kabinet der dochs nei sjen sil mei de jierwiksel. "Ik zeg geen keihard nee, maar ik wil ook geen valse verwachtingen wekken. Word niet boos als het uiteindelijk niet blijkt te kunnen."
21:29

Drokte op guon plakken

Wylst it by de measte winkels yn Surhústerfean tsjuster is, hat slachterij Albert & Aukje it tige drok. Albert de Haan: "It jout sa'n dûbeld gefoel. Sels ha je it hartstikke drok, mar ast sjochst nei de kollega-ûndernimmers: dat is ferskriklik. Dat je slute moatte yn dizze tiid fan it jier. Dat is tryst. It wie moandei in nuvere dei, earst kaam it nijs en dêrnei wie it in gekkeboel yn it sintrum. Minsken moasten allegearre noch wat hawwe. En in dei letter is it rêstich."
19:55

Takom wike mear ynfo oer faksinearjen

Der komt begjin takom wike mear ynformaasje oer hoe't it komt mei it faksinearjen yn Nederlân. Dan jout minister De Jonge mear dúdlikheid oer de planning. Dat hat er niiskrekt sein yn de Twadde Keamer.
19:41

Ekstra fergoeding foar winkellju

Winkels dy't ticht moatte krije in spesjale fergoeding boppe-op de al besteande stipemaatregels. Dat hat premier Rutte tiisdei ferteld yn it debat mei de Twadde Keamer. De winkels moatte de doarren ticht hâlde, mar ha "Deze winkeliers hebben "spullen ingekocht en die kunnen ze niet meer verkopen, ook omdat het vaak mode- en seizoensgebonden is", seit Rutte. Dêrtroch rint de wearde fan de foarried ek hurd werom.
18:52

It wie samar de lêste skoaldei foar in hiel soad bern

Ynienen de lêste skoaldei
18:19

Drokte yn de natuer ferwachte

Natuerbehearorganisaasjes ferwachtsje dat mei de lockdown wer mear minsken de natuer opsykje. Wa't dat fan doel is, wurdt frege om rekken te hâlden mei elkoar en benammen mei de natuer sels. LandschappenNL, Natuurmonumenten en Staatsbosbeheer freegje besikers om safolle mooglik yn de eigen omkriten nei in natuergebiet te gean. En kom te gean of op de fyts, sizze se. En it leafst net tusken 11.00 en 15.00 oere yn de wykeinen en op feestdagen.