Ien fan de redenen wêrom't it kabinet besletten hat de skoallen te sluten, is dat âlden mei thússittende bern ek gauwer thús wurkje. Dat hat minister Hugo de Jonge sein yn in spesjale corona-útstjoering fan de NOS.
As âlden bern nei skoalle ta bringe, is dat dochs wer in kontaktmomint, leit de minister út. En dy moatte krekt beheind wurde. "En we hebben ook geleerd uit de eerste golf, waar de scholen ook gesloten waren, dat het feit dat het basisonderwijs geen fysiek onderwijs geeft, ook helpt dat ouders zich beter houden aan een ander advies, namelijk: werk zoveel mogelijk thuis", seit De Jonge. "En dat laatste gaat niet erg best de afgelopen tijd. Want we zien namelijk dat veel te veel mensen toch naar het werk gaan."
Der wurdt neffens him noch net genôch dien om derfoar te soargjen dat minsken út hûs wei wurkjen bliuwe, wêr mooglik. De Jonge ljochte letter by RTL-programma Beau ta dat bedriuwen wat him oanbelanget net genôch dogge om foar te kommen dat wurknimmers nei kantoar komme. "Het bedrijfsleven moet bij zichzelf te rade gaan wat ze nog kunnen doen." It kabinet sjocht noch nei fierdere maatregels om bedriuwen hjirta oan te setten, mar dat soe eins net nedich wêze moatte, fynt de bewâldsman.