Stjerrensbegelieding yn Fryslân ûnder druk troch tekoart oan frijwilligers

VPTZ-ynstellingen (Vrijwilligers Palliatieve Terminale Zorg) yn Fryslân hawwe driuwend ferlet fan nije frijwilligers. Der is in tekoart oan minsken dy't persoanen dy't yn harren lêste libbensfaze sitte en harren famyljes bystean. De ôfdieling yn Noardeast-Fryslân kin bygelyks net mear genôch minsken ynsette om oan alle oanfragen te foldwaan. En dat wylst de stifting dêr oer 2020 de measte helpfragen yn de 25 jier fan har bestean ûntfongen hat: leafst 65.
Stjerrensbegelieding yn de provinsje
Yn Noardeast-Fryslân hawwe se gjin hospice mear. Minsken binne yn de lêste dagen fan har libben it leafste thús, sa seit koördinator Ankie van der Veen. Dat hat konsekwinsjes foar it oantal oanfragen. Dat lei de ôfrûne jierren sa rûn de fyftich, no dit jier binne dat der 65. Dat jout oan dat it ferlet fan de help grut is.
Neffens projektlieders Van der Veen en Lysbeth Vellinga binne op dit stuit minimaal tsien ekstra frijwilligers nedich. Fan de 25 reguliere frijwilligers binne in soad fanwege de pandemy net ynsetber, omdat se sels ek ta de kwetsbere sûnensgroep hearre. Boppedat is it foar de frijwilligers wol hiel dreech om oan alle beheiningen, lykas oardel meter ôfstân, te foldwaan by it fersoargjen fan de terminale kliïnten.

Ferplichte test

"Wy kinne dus absolút net riskearje dat in kliïnt corona hat", seit Van der Veen. By twivel wurdt de pasjinten dêrom earst ferplicht in test ôfnommen. "Sa is it bygelyks foarkaam dat in man mei longkanker om help frege, mar dat nei testen bliken die dat hy corona hie. Hoewol't dizze man dus yn it lêste stadium fan syn libben is en ferlet hat fan soarch en oandacht, hawwe wy dochs gjin help biede kind. Dat is hiel wrang."
© Omrop Fryslan
Op Súdwest-Fryslân nei is der by alle oare Fryske ôfdielingen fan de VPTZ ferlet fan nije minsken. Op It Hearrenfean binne der genôch foar de ynset yn it hospice, seit koördinator Ingrid Gelink. "Alleen voor bij mensen thuis zitten we wel echt met een tekort. Vooral mensen die 's nachts kunnen waken. Onze doelgroep wordt ook ouder. Die willen niet alleen maar 's nachts waken."

Soad oanfragen

Dat jildt ek foar de ôfdielings yn Súdeast- en Noardwest-Fryslân. Koördinator Marloes van Gent fan Noardwest seit dat se minstens tsien frijwilligers brûke kinne foar de nachten. It tal oanfragen is heech: "We hebben er nu zo'n 100."
Yn Súdwest-Fryslân hawwe se oan frijwilligers gjin tekoart, sa seit koördinator Willy Hoekstra. "Minsken melde har spontaan oan. We hawwe no sa'n 100 frijwilligers." Dêr sjogge se de druk op in oar plak tanimmen: it hospice. Hoekstra: "De helpoanfragen dêr nimme ta. We hawwe sels wachtlisten hân."
Van der Veen en Vellinga binne beiden 24 oeren deis, sân dagen yn 'e wike berikber om famylje fan minsken yn har lêste libbensfaze yn kontakt te bringen mei de frijwilligers. Yn maart hawwe se noch it 25-jierrich bestean fan VPTZ fierd mei in gesellige jûn yn Theater Sense yn Dokkum.

Dreech foar allinnichsteanden

"Doe hiene we mear as 25 frijwilligers beskikber, no binne dat op syn heechst 15 of 16. Dat betsjut dat we fan de 62 oanfragen leafst 15 net posityf beäntwurdzje koene", lizze de koördinatoaren út. "Benammen foar de frijgesellen ûnder ús kliïnten, dy't gjin famylje of freonen om har hinne hawwe, is dat fansels ferskriklik. Wat soe it moai wêze as wy ynkoarten wol wer yn alle gefallen ta ynset komme kinne."
Hoewol't it frijwilligerswurk tankber wurk is, is it dreech om frijwilligers te finen. Se krije earst in oplieding om op dizze spesifike soarch taret te wêzen en moatte boppedat ree wêze om ek nachts te wurkjen.

Tankber wurk

Tineke en Anna wurkje beiden al jierren as frijwilliger. Anna: "It wurk jout in soad foldwaning. Minsken binne ús hiel tankber dat wy dêr stean kinne en helpe." Dat jildt ek foar Tineke: "Ja, minsken binne hiel tankber dat je der sitte kinne. Dat dogge je dochs yn in emosjonele faze by famyljeleden. Dat je dêr dan stean kinne, is moai."
De oplieding dy't se krije, helpt ek by it omgean mei emoasjes. Tineke: "Ik help, stean de famylje by. Mar, it is net myn leed. Dat makket dat ik it in goed plak jaan kin." Der is ek goede begelieding. Boppedat fielt de groep frijwilligers as in famylje. Anna: "Je kinne dêr je ferhaal kwyt. We hâlde inoar ek goed yn de gaten."