In tredde fan hoareka-ûndernimmers yn Fryslân hoecht minder hier te beteljen

Bierbrouwer AB InBev sil hoareka-ûndernimmers dy't in gebou by de brouwer hiere finansjeel stypje. De brouwer fan merken as Jupiler, Hertog Jan en Leffe sil in kwart fan de hier foar de moannen novimber, desimber en jannewaris foar syn rekken nimme.
© Shutterstock.com
Neffens Corné van der Erve fan de Koninklijke Horeca Nederland ôfdieling Fryslân is it goed nijs dat AB InBev syn ferantwurdlikheid nimt. "Ongeveer een derde fan alle horeca-ondernemers in Fryslân is aangesloten bij AbInBeV. Een kwart van de huur is tenminste iets."
AB InBev is sels gjin eigener fan de pannen mar ferhiert de gebouwen. Yn april en maaie hat AB InBev ek al de hier fan ûndernimmers skrast dy't in pân by de brouwerij hiere. De brouwer kundiget ek oan bier fergees te ferfangen foar farsk bier. De stipe komt boppe-op de oare stipemaatregels dy't AB InBev al naam, sa as bygelyks it fergees weromheljen fan in oanbrutsen tank bier.
Yn totaal hiere 700 ûndernimmers in pân fan AB InBev.