ROAZ wol fan sikehuzen witte oft se wer opskale kinne

It Regionaal Overleg Acute Zorg (ROAZ) wol fan de sikehuzen yn Noard-Nederlân witte oft der noch fierder opskaald wurde kin. Der is op it stuit krapte yn it tal intensive care-bêden dat beskikber is foar coronapasjinten. Ek foar klinyske behanneling fan coronapasjinten binne der hieltyd minder sikehûsbêden.
In sikehûsbêd © Shutterstock.com
Sa hat sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean op it stuit bygelyks fjouwer ic-bêden beskikber foar minsken mei corona. Trije dêrfan binne beset. Wurdfierder Daan van den Broek seit dat se sjogge nei mooglikheden der twa bêden by te pleatsen.

Druk nimt ta

Neffens Alfred Boskma fan it ROAZ is dit ek it byld yn de oare sikehûzen yn it Noarden. "De druk neemt duidelijk toe. Als er meer besmetting zijn gaat de druk op de ziekenhuizen ook toenemen. Er is her en der nog wel een klinisch bed te vinden, maar veel zijn het er niet."
Yn it Noarden wurde pasjinten oerpleatst om sa romte te meitsjen. "Als de druk minder wordt, kun je goede zorg borgen", seit Boskma. "Daarom zijn we aan het overleggen in hoeverre de capaciteit opgeschaald kan worden. En in hoeverre we de extra druk om kunnen zetten in extra bedden." Dat is ek needsaaklik, om't de buffer hieltyd lytser wurdt. Op it stuit binne dat der minder as tsien, seit Boskma.

Helte út de rest fan it lân

Rûchwei de helte fan de Fryske ic-bêden wurdt op it stuit beset troch minsken út de rest fan it lân. De sprieding fan pasjinten is needsaaklik om de druk fan sikehuzen yn Brabân of de Rânestêd te heljen. "Klinisch is dat minder", seit Boskma. "Maar we zijn nog steeds in staat iedereen een plek te geven. We hebben hier onderling altijd goed overleg en doe het wat dat betreft erg goed." Mei-inoar ha sikehúzen yn it Noarden yn de twadde golf 550 minsken út oare regio's opnaam.
De útwreiding fan COVID-bêden hat in kearside, seit Boskma: "Want als we dat doen, gaan we ook de reguliere zorg weer afschalen. En dat kan voor sommigen mensen die al tijden op een operatie wachten heel zuur zijn."