Mooglik nije boere-aksjes foar bettere prizen

De Fryske boeren dy't dit wykein distribúsjesintra yn Drachten en op It Hearrenfean blokkearre hawwe, komme moandei mooglik opnij yn aksje. Dat lit in wurdfierder fan de boeren witte oan Omrop Fryslân.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Wat de nije aksje wêze sil, wolle se noch net bekend meitsje. Earder waard moandei al opnij in distribúsjesintrum fan de Jumbo yn Breda stillein. Gefolgen foar de Jumbo supermerken liket dat noch net te hawwen, sa docht bliken út in rûngong troch Omrop Fryslân.
By guon oare supermerken yn de provinsje wiene moandeitemoarn al wol lege skappen te sjen. Benammen de Albert Heijn-winkels lykje problemen te hawwen troch de blokkades fan distribúsjesintra.
De boeren wolle in bettere priis hawwe foar de produkten dy't se leverje, sa sizze se. Gerben Klijnstra en Wybe Altenburg binne twa fan de aksjefierders. Dit wykein stiene se mei de trekker by in distribúsjesintrum op It Hearrenfean. En dat hat fertuten dien, sizze se: "Se hawwe ús foarstellen ûndertekene, dus se sille om tafel om bettere prizen foar de boeren te krijen."
© Omrop Fryslân, Marcel Huisman
Dat it no wol liket te slagjen mei de demonstraasjes, wylst de boeren ferline jier ek mei de trekkers by de distribúsjesintra stiene, leit him oan it boadskip, sa tinke de boeren: "Ik tink dat ús ferhaal sterker wie as de foarige kear, en de druk is heger. Wy hawwe yn 40 jier in legere molkepriis, en de kosten binne omheech gien."
By guon supermerken binne de skappen yntusken yndie leech, mar dochs binne de aksjefierende boeren net benaud foar negative reaksjes. "Der binne minsken dy sille altyd tsjin de boeren wêze, dus dat feroarerje dochs net. En sa binne der ek minsken dy't altyd foar de boer wêze sille." Neffens harren moatte minsken ek kreatyf wêze: "Helje it by de boer op, dy hawwe it wol!" Boppedat binne neffens de aksjefierders de skappen ek samar wer fol.
Boeren Gerben Klienstra en Wybe Altenburg