GGD kin boarne- en kontaktûndersyk net mear byhâlde
It tal coronabesmettingen rint sa hurd op, dat de Fryske GGD it boarne- en kontaktûndersyk net mear oan kin. It is dweile mei de kraan iepen: alle dagen binne der mear nije besmettingen as in dei earder. Moandei komme der 260 nije besmettings fan dit wykein binnen.

It tal fan 260 nije besmettings is neffens Everhard Hofstra fan de GGD in ynhelslach, mar hy sjocht ek op moandei in soad positive tests binnenkommen. It liket der dan ek op dat de sifers dy't tiisdei meld wurde opnij boppe de 200 lizze sille. In tige heech oantal, dat yn Fryslân eins amper earder foarkaam is.
Kwealike saak
In gefolch fan dy hege besmettingssifers is dat de GGD kwealik noch boarne- en kontaktûndersyk dwaan kin. Neffens Hofstra is dat in tige kwealike saak: "We hebben steeds minder zicht op het virus, waar het zich verspreidt." Dat betsjut dat it firus ek dreger te bestriden is, om't de GGD net mear tsjin minsken sizze kinne dat se sels yn karantêne moatte.
Hofstra wol net fuortendaliks sizze dat er moedeleas wurdt fan de sifers, mar fynt wol dat minsken goed by harsels neigean moatte oft se har eins wol oan de maatregels hâlde. "Wij blijven bij de GGD doorgaan, maar het helpt enorm als iedereen z'n best blijft doen."