Liveblog | 14 desimber 2020

Coronanijs fan 14 desimber: Nederlân giet foar fiif wiken op slot

Dit is it liveblog fan moandei 14 desimber mei it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân.
Lêst bywurke: 15 desimber 2020, 07:00
23:00

Ein fan dit liveblog

Hjirmei binne we oan de ein fan it liveblog kaam. Tank foar it folgjen. Tiisdei is der wer in nij liveblog mei it lêste coronanijs út Fryslân.
22:10

'Sluting túnsintra en blommewinkels treft kwekers hurd'

Kwekers fan beammen, planten en blommen wurde hurd troffen troch de sluting fan blommewinkels en túnsintra yn de nije lockdown. Dat stelt lânbou-organisaasje LTO Nederlân, dy't wol begryp hat foar it "lastige en heftige besluit" fan it kabinet.
Net allinnich plantekwekers hawwe it lykwols dreech. Hoewol't de hiele fiedselstring as essinsjeel oanmerke is en iepen bliuwe mei, hawwe bygelyks hoareka- leveransiers it al sûnt dit foarjier net maklik. Bûtenlânske coronamaatregels hawwe de ôfsetmarkten foar dizze ûndernimmers fierder lytser makke. Sy wurde nammentlik like hurd troffen troch de Dútske lockdown as de Nederlânske.
22:05

Basisskoallen oerfallen troch lange sluting

De basisskoallen hawwe net oankommen sjoen dat se oant heal jannewaris ticht geane. "We zijn nogal verrast, zelfs een beetje verbijsterd", seit Rinda den Besten, foarsitter fan de PO-Raad, de koepel fan basisskoallen.
Earder wie der sprake fan dat de krystfakânsje in wike langer duorje soe, mar de PO-Raad krige te hearren dat dit "net oan de oarder is", seit Den Besten. No moatte de skoallen noch langer ticht. De basisskoallen hienen dat graach earder witten, dan hienen se mear tiid hân om ôfstânsûnderwiis op poaten te setten en opfang te regeljen foar kwetsbere bern en bern fan âlden mei fitale beroppen.
21:57

In tredde fan hoareka-ûndernimmers yn Fryslân hoecht minder hier te beteljen

Bierbrouwer AB InBev sil hoareka-ûndernimmers dy't in gebou by de brouwer hiere finansjeel stypje. De brouwer fan merken as Jupiler, Hertog Jan en Leffe sil in kwart fan de hier foar de moannen novimber, desimber en jannewaris foar syn rekken nimme.
21:48

'Musea wolle perspektyf'

De Museumferiening is "teloarsteld" oer it beslúit fan it kabinet om de musea foar de tredde kear dit jier te sluten. "Musea hebben nu des te meer behoefte aan perspectief op heropening en versoepeling van de coronamaatregelen", sa seit direkteur Mirjam Moll.
It regear hat besletten dat de musea oant en mei 19 jannewaris ticht bliuwe moatte. "Juist in deze periode van het jaar is dat een ingrijpend besluit van het kabinet", seit Moll. "Musea keken reikhalzend uit naar de kerstvakantie omdat hun verwachting was dat de beperkte bezoekcapaciteit dan, net als in de herfstvakantie, nagenoeg volledig benut zou worden. Juist voor families, gezinnen en millennials hebben veel musea speciaal aanbod ontwikkeld."
21:21

CBR skrast 120.000 teory- en 60.000 praktykeksamens

It CBR skrast de kommende fiif wiken 120.000 teory- en praktykeksamens. Yn totaal geane der likernôch 190.000 toetsen en kursussen net troch oant en mei 19 jannewaris.
Medyske beoardielingen foar it ferlingjen fan rydbewizen gean wol troch. Elkenien dy't dizze wike op eksamen moatte soe, krijt moandeitejûn noch berjocht fan it CBR. Minsken witten dan dat se net hoege te kommen, lit in wurdfierder witte.