Dochs strangere maatregels foar de krystdagen? Folgje de taspraak fan Rutte by de Omrop
Premier Mark Rutte warskôge der al foar: as de coronasifers net better wurde soene, dan komme der ekstra maatregels. Dat liket no safier te wêzen. Rutte jout moandeitejûn om 19.00 oere út syn 'torentje' wei in ekstra taspraak. Dy is live te folgjen by Omrop Fryslân op telefyzje, radio en online. Nei ôfrin sil minister Hugo de Jonge fragen beäntwurdzje.

It tal nije besmettingen rint sawol yn Fryslân as lanlik wer op. Der komme yn Fryslân yn trochsneed alle dagen goed 150 nije besmettingen by, sjoen nei it gemiddelde oer de ôfrûne wike. Ek lanlik nimt it tal besmettingen ta: snein hast 10.000, mear as in ferdûbeling yn ferliking mei in pear wiken lyn.
Minder as in wike nei de lêste parsekonferinsje komt Rutte dêrom opnij mei in boadskip. Ferline wike warskôge er al dat der foar de krystdagen yn alle gefallen gjin ferromming komme soe. As it tal besmettingen net ôfnimme soe, koe it kwartsje sels de oare kant op falle. "Dan sluit ik niet uit dat we nog voor de kerst bij u terugkomen met strengere maatregelen." Dat liket no it gefal.
Neffens it lêste nijs út Den Haag moatte hast alle saken ticht: net-essinsjele winkels, museums, kappers, bistetunen. Ek skoallen moatte ticht. Dat duorret oant en mei 19 jannewaris.
Taspraak by Omrop Fryslân
Omrop Fryslân stjoert de taspraak fan de minister-presidint moandeitejûn live út op telefyzje yn in ekstra útstjoering fan Fryslân Hjoed. Ek is de taspraak te folgjen op de radio, Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en op Facebook.