Gemeente Ljouwert set ferkearsregelers yn fanwege drokte Wielenpôlle

Nettsjinsteande in soad ûnrêst op social media, en fragen fan de fraksje fan Lijst058 oan it kolleezje, is de gemeente Ljouwert net fan doel om it krystdoarp Wielenpôlle ôf te sluten of ticht te goaien. Wol sjocht de gemeente dat it drok is yn de wyk, en dêrom wurde der fan sneintejûn ôf ferkearsregelers ynset yn de wyk.
© Omrop Fryslan, Willem de Vries
In wurdfierder fan de gemeente Ljouwert lit witte dat der gjin plannen binne om de it krystdoarp Wielenpôlle ticht te smiten. "Wij zien dat het wel erg druk is in de wijk, dus wij zetten nu verkeersregelaars in om dat in goede banen te leiden. Er zijn geen plannen om de wijk helemaal te sluiten. We gaan samen met de buurt komende week kijken hoe we de drukte van het verkeer kunnen reguleren."

Krystsfear yn de wyk

De bewenners hawwe de strjitten dêr lykas alle jierren wer hielendal yn krystsfear brocht. Guon ferkeapje krystguod lykas kryststikjes of wat iten en drinken, mar dat hat de gemeente leaver net. Der komme alle jûnen in hiel soad minsken op ôf en dat soarget foar ferkearsoerlêst.
Sneon stie it ferkear by de rotonde by de yngong fan de Wielenpôlle al fêst. Bewenners fan de Wielenpôlle hawwe in oprop dien om foaral mei de auto te kommen en genôch ôfstân te hâlden.