Henk de Jong wiis mei earbetoan oan Sandor: "Prachtich, sa'n spandoek"
Trainer Henk de Jong fan SC Cambuur moast it tajaan nei de 2-0 winst op Jong AZ: "In lykspul hie ek kind." Syn ploech hie it net maklik mei de Alkmaarders, mar wûn wol troch twa rake strafskoppen fan Robert Mühren nei skoft. "Penals binne ek gewoan kânsen."
Henk de Jong nei de oerwinning tsjin Jong AZ
It begjin wie noch wol aardich, seit De Jong. "We hienen de oerhân, mar yn ien kear wienen we it kwyt en hienen we it bêst wol lestich. Ja, we ha wol kânsen hân, mar wy hienen ek gelok mei de bal op de peal op it lêst." It skot fan Millen Baars op it houtwurk foel dêrnei wer yn hannen fan Cambuur-doelman Sonny Stevens.
Iepen brekke mei strafskoppen
Uteinlik makke Mühren dus it ferskil mei twa strafskoppen. "Thús tsjin Dordrecht hienen we it ek", seit De Jong. "Doe wie de útslach wat dikker, mar we brutsen it ek iepen mei in penal."

De winst op Jong AZ is al de sechsde wedstriid op rige foar Cambuur dy't yn in oerwinning einiget, mar de lêste fjouwer kear gong it net maklik. "It flitsende is even fuort. Op it lêst ha ik ek keazen foar deeglikheid, troch in ferdediger op it middenfjild te setten. It giet om punten foar ús klup. We steane no op 40. Dan kinne we wol altyd oanfalle, mar it giet ek om de trije punten."
We steane no in jier boppe-oan, dat is eins ûnfoarstelber.
It ferskil is no sa grut mei de konkurrinsje, dat Cambuur wis fan de kopposysje mei de winterstop. "Dêr bin ik hiel bliid mei", seit De Jong. "We binne foarich jier begûn mei in groep jonges, minsken sille wol tocht ha: 'Wat foar jonges binne dit allegear?' Mar dit ha we derfan makke. We steane no in jier boppe-oan, dat is eins ûnfoarstelber."
Yn it lege stadion hong sneon in spandoek foar Sandor van der Heide, de assistint-trainer fan de Ljouwerters dy't der om persoanlike omstannichheden al in skoft net by is. "De supporters binne gek mei ús. Ik fyn it prachtich dat sa'n spandoek der hinget."

Middenfjilder Jamie Jacobs spile sneon tsjin syn broerke Joey. Jamie hat it kommende healjier it grutste wurd thús, mar hy fynt dat syn broerke him goed steande hold. "Ik let wel een beetje op hem en hoe hij verdedigt. Ik vind dat hij het hartstikke goed gedaan heeft."
Jamie Jacobs nei de winst tsjin Jong AZ
Jamie Jacobs fûn dat de Ljouwerters net goed spilen. "Het was niet heel denderend vandaag. We hebben niet supergoed gevoetbald, maar de drie punten zijn weer binnen. En naast die bal op de paal hebben we niet heel veel weggegeven. Voetballend moet het wat beter, maar dat komt wel weer."
Hy fûn dat Jong AZ it goed die. "Ze hadden niet echt een vast systeem, waardoor ze heel vrij voetballen. Ze waren veel aan het zwerven, daar hadden wij het bij vlagen lastig mee."