170 nije coronabesmettingen yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren

Der binne de ôfrûne 24 oeren 170 nije coronabesmettingen by kaam. Dat meldt it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu (RIVM). Dat binne der sân minder as freed, doe wiene it der 177. De ôfrûne fjouwer dagen naam it tal besmettingen wer ta, mar it binne der dus no wer in pear minder.
In testlokaasje foar it coronafirus yn Drylts © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De measte besmettingen wiene yn de gemeente Súdwest-Fryslân (29). Dêrnei folgje Ljouwert (27), De Fryske Marren (23) en Noardeast-Fryslân (22). Der is ien persoan it sikehûs yn rekke en yn Opsterlân en Súdwest-Fryslân binne twa minsken ferstoarn oan it coronafirus.
Lanlik binne der 9.182 positive tests, sa docht bliken. Freed wiene dat der 8.894.