Lange aksje fan boeren by distribúsjesintrum op It Hearrenfean

Boeren ha freed en sneon aksjefierd by it distribúsjesintrum fan supermerkketen Lidl op It Hearrenfean. De boeren blokkearren de yn- en útgongen fan it terrein, wêrtroch't frachtweinen it terrein net op- of ôf kinne. De boeren woene mei de aksje berikke dat se 'in earlike priis' krije foar harren produkten.
Boerenaksje nij
Minister Carola Schouten fan Lânbou fynt dat de boeren neffens de regels protestearje moatte. Dêr binne de boeren wer net oer te sprekken. Ek by distribúsjesintra fan oare supermerken en op oare plakken wiene aksjes, bygelyks yn Breda, Woerden en Zwolle.
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga