Auto is tsjin beam oan riden by Noardburgum
Njonken de Oude Commissieweg yn Noardburgum is sneontemoarn in bestjoerder mei syn auto tsjin in beam botst. De bestjoerder en de oare ynsitter binne troch ambulânsepersoniel opfongen.

It is net bekend hoe't de bestjoerder krekt mei de auto tsjin de beam telâne kaam, nei alle gedachten is er de bocht út flein.