Ledegearkomste De Friesche Elf Steden: digitaal en sûnder pantsje snert

In Alvestêdetocht komt der yn dizze coronaperioade net as de maatregels fan no jilden bliuwe. Dat hat Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden earder al nei bûten brocht. Mar de ledegearkomste giet sneon wol troch. Gewoanwei is dat yn it WTC yn Ljouwert, mar fanwege corona is ek dat dit jier oars as oars.
Ledegearkomste De Friesche Elf Steden
"Der is fansels net it pantsje snert yn it skoft yn it WTC en wy hawwe net in sprekker. Mar de belangstelling is der wol," seit foarsitter Wiebe Wieling. "Der dogge sa'n 430 oant 450 leden mei. Wy sitte yn in studio yn Sint-Anne mei it bestjoer. Alle leden hawwe in koade krigen, dêrmei kinne sy ynlogge om de gearkomste te folgjen. Sy kinne ek digitaal op ús reagearje, sa besykje wy dochs kontakt mei-inoar te hâlden."

Ferlet

De kâns is hiel lyts dat der in tocht komt, mar dochs is in gearkomste wol nedich, seit Wieling. "Wy hawwe elts jier ek wol saken ôf te hanneljen, lykas de begrutting en jierrekken. Dat kinne je útstelle, mar om dat yn de simmer te dwaan dat moat ek mar net. Mar wy hiene net rekkene op safolle dielnimmers, dus blykber foldocht it oan in fraach. It earste part is in soarte formaliteit, mar der komme altyd in soad fragen by de leden wei."

IIssenario

As der foldwaande iis leit en it mei de coronamaatregels wol wer mooglik wêze soe, dan seit it bestjoer binnen 48 oeren in Alvestêdetocht organisearje te kinnen. It soe neffens Wieling wol hiel spitich wêze as der no krekt yn dizze tiid genôch iis lizze soe. "Sa'n senario, ik wit net oft wy dat goed hantearje kinne. Ik haw dat mar út de holle set." Mar de kâns op dy situaasje is lyts. "Om earlik te wêzen hâld ik it net al te bot yn de gaten. As ik no hear dat wy mei de krystdagen mar mei trije minsken earne komme meie en dat it faksinearjen wolris in hiel jier duorje kin, dan is de kâns dat wy it firus yn jannewaris-febrewaris de baas binne hiel lyts."
Foarsitter Wiebe Wieling fan de Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden
Ek bestjoerslid Immie Jonkman jout oan dat der ferlet is fan online omtinken. "Wy hawwe hjir ús bestjoerstafel delset. Der binne no digitaal mear minsken bywêzich as oars mei in gewoane gearkomste. Ik wit ek net oft it deselde leden binne as dy't oars kamen, of dat it ek oaren binne. Dus ik bin benijd oft wy dit takom jier ek trochsette, want der is blykber ferlet fan."
Bestjoerslid Immie Jonkman
Digitale ledegearkomste fan Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden © Omrop Fryslân, Ronnie Porte