Kollum: "Iepen brief oan Carola Schouten"

"Achte frou Schouten. Myn namme is Jan de Boer, ik bin 44 jier. Mei myn frou en myn beide prachtige bern wenje wy op in boerepleats. We melke 125 kij en besykje safolle mooglik om in goed en sûn produkt te leverjen. It plak dêr't wy wenje is al generaasjes fan myn famylje. It leit op in geweldich moai plak, flak tsjin in natuergebiet oan. Wy sjogge de kraanfûgels maitiids oankommen en we genietsje fan al it oare dat groeit en bloeit.
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
De toan fan Ferdinand de Jong
De frou en ik sizze faak, we libje yn ús eigen paradyske. Buorkje is in manier fan libjen, frou Schouten, ik soe neat oars wolle. Al fan jongs ôf wist ik dat dêr myn takomst lizze soe. Wy hawwe in soad ynvestearre en melke yn in bistfreonlike omjouwing, de trochsneed leeftyd fan de kij is dêrtroch heech. Duorsum, sizze se dêr tsjinwurdich oer. Dat makket ús grutsk.
Dochs slute wy de eagen net foar wat der geande is. Dy kraanfûgels sitte yn in beskerme gebiet dat grinzet oan ús lân. En wy fernimme dat der druk op ús komt. Maatskiplike druk om de pleats oer te jaan oan de natuer. 'Randstedelijke druk,' mar ek druk fan tichterby. Jo meie wol earlik witte, frou Schouten, ik sliep der somtiden net fan. Wy hawwe in prachtbedriuw, kinne der moai fan rûnkomme en ús soan wol my oer in oantal jierren opfolgje. Wat in geweldich foarútsjoch, fine jo ek net? Noch in generaasje De Boer dy't harren namme eare oan docht.
No hawwe wy it der oan de keukentafel oer hân, frou Schouten. Wy wolle best bydrage oan de Mienskip. As heechste offer soenen we der sels wol oer tinke wolle om mei te dwaan oan de opkeapregeling fan jo ministearje. Doe't ik dat tsjin de frou sei, moast sy earst gûle, mar nei ferrin fan tiid joech it ús ek wol in goed gefoel. Dat wy sa meidwaan kinne om de wrâld nei de hjoeddeiske ynsjoggen foarút te helpen. Ik hie yn myn ûnskuld al ris om my hinne sjoen en in pear plakken bestudearre dêr't we opnij begjinne kinne soenen. As de priis fan de opkeapregeling der wat op liket, kin ik de soan ek perspektyf nei de takomst biede.
Mar ja. No komt de aap út jo mouwe, frou Schouten. As wy meiwurkje soenen oan de regeling, meie wy nea wer earne oars begjinne mei in melkfeebedriuw. Doe't dat helder waard, haw ik in pear hiele rare dingen sein, dy't jo op snein as goed Kristen grif net yn tsjerke werhelje wolle. Generaasjes ûnderfining mei produsearjen fan heechweardich iten wurde sa ôfservearre troch jo snoade plannen, dy't ek hjir yn de moaiste provinsje fan Nederlân troch politike moaipraters, saneamde fernijers en media ferkocht wurde.
Doe't ik dizze wike myn soan op de fyts thúskommen seach fan skoalle, skeat my in brok yn 'e kiel. Hy is alle dagen op tiid thús om de keallen te boarnen en syn beide geiten te fersoargjen. Dêrnei komt er faak by my yn de melkput en praat my de earen fan de holle oer de pleats en hoe't hy it skielk hawwe wol. Ik bin der wol klear mei, frou Schouten. As jo ús net de gelegenheid jouwe om op in oar plak te dwaan dat wy it leafste fan alles dogge, haw ik mar ien boadskip oan jo en oan dyselden dy't dat allegearre betocht ha. Sakje mar yn de stront.
Mei hertlike groetnis,
Jan de Boer."